Lyts man
Ik wie bang foar hynders
Ik wie bang foar heit
Net dat alles der oan leit
Mar ik wie mei mysels útskaaid
Foar dat ik begûn
Noch foar ik moarn as middei fûn
It libben laket my ta
Mar as it wer reint
Wol ik in mûtse ha
Mei in gatsje boppe-yn
Ik bin slein en skeind
Kin neat oan’e holle ha
Ik wol in bûse mei mysels dêr yn
Gelyk is in skyl
Fan alles brekke oan fertille
Ferjouwing, ferjit, ferskil
Fertriet fansels as in protte wille
©Anno Galama/Ronald Jan Fokkema